Logo FNP

FNP Littenseradiel

Frysk

FNP Littenseradiel

Frysk
Wêr kinne jo as FNP-lid op rekkenje?
Sprek- en stimrjocht op ledegearkomsten.
As FNP-lid kinne jo jo persoanlike miening oer politike fraachstikken nei foaren bringe op FNP- ledegearkomsten (likegoed provinsjaal as gemeentlik).
De ledegearkomsten binne it heechste beslút foarmjende orgaan yn de FNP.
Yn dizze gearkomsten wurdt ûnder oaren it FNP-program fêststeld. Yn dat program wurde de politike útgongspunten en doelen fan de FNP fêstlein.

Troch jo stim op ledegearkomsten hearre en jilde te litten,
hawwe jo dus streekrjocht ynfloed op it belied fan de FNP!

Yn de provinsjale ledegearkomsten wurde de leden fan it haadbestjoer (HB) fan de FNP keazen en wurde de persoanen oanwiisd, dy't de FNP fertsjintwurdigje yn de Provinsjale Steaten fan Fryslân.
Wat krije jo foar jo lidmaatskip.
Jo krije dan ± 3 kear yn 't jier, ús ôfdielings Nijsbrief.
As provinsjaal lid krije jo njonken it boppensteande ek 10 kear jiers it FNP-partijblêd de "Frijbûtser" mei ûnder oaren:
  • It lêste nijs oer de aktiviteiten fan de Steatefraksje
  • Utnoegings foar en ferslaggen fan ledegearkomsten.
  • Nijsgjirrige saken út de FNP-ôfdielings en kommisjes
  • Ferslach fan de wurksum heden fan it haadbestjoer
  • Ynstjoerde stikken ensfh.
De minimum kontribúsje as provinsjaal lid is € 22,50 yn't jier. De rjochtline is 1,8 promille fan it belestber ynkommen. Foar leden fan 27 jier en jonger of 2e húsgenoat € 12,50 yn 't jier.
Ien kear jiers krije jo in akseptgiro fan de provinsjale ponghâlder mei it fersyk de kontribúsje te beteljen.
De gemeentelike FNP-ôfdielings krije 20% fan jo bydrage. Mei ferkiezings krije jo nochris in fersyk om in frijwillige bydrage foar it ferkiezings fûns.
Kontribúsje en oare jeften oan de FNP, kinne jo ôflûke fan jo belêstbere ynkommen.

Lid wurde?

Opjaan as lid en oanfreegjen mear ynformaasje kin by ús bestjoer. E-post: bestjoerfnp-littenseradiel.nl

FNP-Abonnee wurde?

Foar minsken yn Littenseradiel dy't wol wat mear fan de FNP witte wolle, sûnder daliks lid te wurden, is der no in prachtige mooglikheid. Jo kinne foar € 5 yn 't jier abonnee wurde op it krantsje: de Nijsbrief. Jo krije earst trije nûmers op proef en dan kinne jo beslute om wol of net abonnee wurden.
Opjaan kin by E-post: redaksjefnp-littenseradiel.nl


Stypje ús Wurd lid

Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2017 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)