Logo FNP

FNP Littenseradiel

Frysk

FNP Littenseradiel

Frysk
Fryslân en de FNP - Skiednis en Takomst

De FNP, Fryske Nasjonale Partij, is yn 1962 oprjochte, om't de oprjochters fan betinken wienen dat de lanlike politike partijen net genôch omtinken hienen foar de belangen fan Fryslân. De FNP Littenseradiel is ien fan de ôfdielings fan de Fryske Nasjonale Partij (FNP). It doel fan de ôfdielings is om de polityk te befoarderjen, sa't dy útwurke is yn it algemiene FNP-program en it gemeente-program. 


Yn de maaitiid fan 2006 binne nei it rieplachtsjen fan de ôfdielingsbestjoeren de folgjende 7 kearnwearden fan de FNP fêststeld. 

Demokrasy: De FNP fynt dat de macht oer de oerheid fan it folk is. Minsken moatte safolle mooglik behelle wurde by it iepenbier bestjoer.
Federalisme: De FNP stiet in steatsynrjochting foar dy't minsken en lokale mienskippen it foech en de middels jout om de eigen libbensromte safolle mooglik sels stal te jaan. De FNP wol mear foech nei de provinsjes, in sterker provinsjaal bestjoer en dêrtroch in sterker Fryslân.
Ynternasjonalisme: De FNP siket nei wat minsken bynt en sjocht de wrâld as in federaasje fan mienskippen. Minskerjochten en respekt foar oare kultueren en libbensoertsjûgingen steane dêrby sintraal.
Taal en kultuer: Taal en kultuer drage tige by oan de identiteit en dêrmei oan it wolwêzen fan minsken. De FNP wol de Fryske identiteit fersterkje en stiet dêrom noed foar de Fryske taal en kultuer. De FNP makket him sterk foar in Fryslân, dêr't ek oare talen en kultueren respektearre, praktisearre en wurdearre wurde, lykas it Bildts en it Stellingwarfs.
Undernimmerssin: De FNP wol eigen inisjatyf, kreativiteit, ferantwurdlikheid en ûndernimmersskip de romte jaan, dat minsken en mienskippen by steat binne har optimaal te ûntwikkeljen.
Solidariteit: De FNP is in mienskipspartij. Foar it behâld fan de solidariteit moat begryp en respekt fan wjerskanten tusken earm en ryk, jong en âld, sûn en siik behâlden en fersterke wurde, dat nimmen oan de kant komt te stean.
Duorsumens: De FNP wol in duorsume wrâld neilitte oan de kommende generaasjes. Yn stee fan potfertarre siket de FNP nei ekonomyske besteansfoarmen dy't in better lykwicht garandearje tusken konsumearjen en konservearjen.

 


FNP Littenseradiel draait ek al wat jierren mei. Hjirby in tal kranteknipsels út it ferline fan FNP-Littenseradiel

 

Ljouwerter Krante, 2 september 1983:

  

FNP-Littenseradiel

BAERD - De FNP Littenseradiel hat de list gearstald foar de kommende riedsferkiezings. Boppe oan de list stiet it sittend riedslid yn Hennaarderadiel Douwe Willemsma fan Itens. De list sjocht der fierder sa út: 2. Mine Jongsma-de Vries (sittend riedslid Baerderadiel); 3. Klaes Visser, Weidum; 4. Inne Heerma, Iens (sittend riedslid H'diel); 5. Minne Joustra, Wommels; 6. Jaap Osinga, Britswert; 7. Enno Bruinsma, Easterein; 8. Jeltje Boersma-Venema, Wieuwert; 9. Anna Bokma, Wommels; 10. Gais Meinsma-Greijdanus, Jorwert; 11. Sipke Langhout, Wjelsryp; 12. Tsjerk Bottema, Mantgum; 13. Tedde Vellinga-Posthuma, Easterein; 14. Jan Zantema, Boazum; 15. Sytse van der Werf, Wommels; 16. Feije Terpstra, Leons; 17. Pieter Zaadstra, Rien; 18. Lutske van der Woude-Jepma, Winsum; 19. Hendrik van der Eems, Easterein; 20. Pietsje Ydema-Noordenbos, Mantgum

 

 LC, 3 maart 1994 LC, 23 maart 1994 
 LC, 24 april 1976

LC, 24 febrewaris 1977

 LC, 2 septimber 1970

 De FNP kandidaten foar de Provinsjale Steateferkiezings fan 1966

                                



Stypje ús Wurd lid

Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2017 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)