Logo FNP

FNP Littenseradiel

Frysk

FNP Littenseradiel

Frysk

FNP-ôfdieling Littenseradiel

 

De gemeente

 

De gemeente Littenseradiel bestiet sûnt 1984 . By de weryndieling doe waarden de gemeenten Hennaarderadiel en Baarderadiel gearfoege. Wommels mei in ynwennertal fan sa'n  2200  is it grutste plak en tagelyk  haadplak mei it gemeentehûs.  Littenseradiel leit sintraal tusken in tal stêden bekend fan de Alvestêdetocht: Frjentsjer, Ljouwert, Snits en Boalsert. It is in plattelânsgemeente en foarmet eins it hert fan it eardere Westergoa, of ek wol de greidhoeke neamd, mei westlik it Waad, eastlik de Middelsee en súdlik de Marne-slinke. In gebiet mei in rike histoarje en lânskiplik it binnendyks- terpelânskip. De âlde slieperdyk, de  Slachte, sûnt 2000 bekend wurden troch de 4 jierliks Slachte-marathon, leit nammentlik as in hoep om ús gemeente. Allinnich it doarp Waaksens leit bûtendyks (bûten de beskerming fan de Slachte) en  lit no krekt de diskusje wêze oft it doarp net better nei de gemeente Súdwest- Fryslân oer gean kin. It gefal wol dat de doarpen Lollum en Waaksens al hiel lang sosjaal en tsjerklik as in twillingdoarp funksjonearje, mar Lollum leit yn de bûtendykse (eardere) gemeente Wûnseradiel. No't de weryndieling spilet wolle de beide doarpen graach yn ien en deselde gemeente sitte.                                                                                                               

 

Littenseradiel, de feilichste en ek tsjusterste gemeente yn dit lân. Sa'n 11.000 ynwenners mei 29 kearnen op in grûngebiet fan 13.000 hektare. Neffens de Fryske Taalatlas fan 2011 ha 80-90 % it Frysk as memmetaal, kinne 90-100% fan de ynwenners it Frysk goed ferstean, 70- 80  % kin it nei eigen sizzen goed lêze en 30-40% goed skriuwe. It gemeentebestjoer wol dan ek noed stean foar it behâld fan de Fryske taal en yn syn offisjele ferkear de beide talen op basis fan lykweardigens (besykje) te brûken. Mar ja it Hollânske libben is gauris sterker as de Fryske lear!  

 

De politike kaart

 

De gemeenteried telt 15 sitten. Sam Littenseradiel , in gearwurkingsferbân fan PvdA en in tal lytse linkse partijen, hat 5 sitten en is mei de FNP mei 4 sitten in koalysje oangien. It CDA hat ek 4 sitten helle by de gemeenteriedsferkiezings fan 2010 en de VVD 2 sitten. De CU die ek mei, mar hie te min stimmen foar in sit. Yn it kolleezje fan B&W binne neist de boargemaster 2 wethâlders aktyf . Yn it dualistysk systeem hoecht de politike kleur fan in wethâlder der net ta te dwaan, mar de iene komt út de FNP-hoeke en de oare fertsjintwurdiget de SAM-partij. By de  gemeenteriedsferkiezing yn 2011 ha hast ien op de fjouwer kiezers, dy ‘t nei  it stimhokje kamen, op de FNP stimd. In goed risseltaat en nei acht jier makke de FNP wer diel út fan it kolleezje.

 

De FNP-ôfdieling

 

De ôfdieling telt in 40 tal leden. Yn ferliking mei it tal stimmers net in grut tal. De measte leden binne lid wurden yn de tiid fan Singelsma. Jongeren binne langer  net maklik te rissen om lid fan in politike partij te wurden. It yndividualisme fan de wolfeartsgeneraasje stiet maklik heaks op it dragen fan ferantwurdlikheid yn organisaasjes - en dan  makket it net út hokker organisaasje. It tal aktive leden yn de ôfdieling is lyts en de situaasje is dan ek net sûnder soarch. Der moat dan ek hiel wat enerzjy stutsen wurde yn it sykjen nei jongere en polityk aktive (rieds)leden. It betinken fan in ferkiezingsitem dat oansprekt en helpe kin minsken foar de polityk te ynteressearjen en mooglik lid fan de partij te wurden. By bestjoerskrêft wurdt meastentiids daliks tocht oan it tal amtners op it gemeentehûs. Ut in eachpunt fan demokrasy heart soks net de earste soarch te wêzen.  Mear fan itselde jout gjin garânsje dat der in kwaliteitsslach makke is sa as de foarstanners fan weryndieling ús leauwe litte wolle.  Folle wichtiger is dat de befolking polityk bewust en ek polityk aktyf is yn partij en gemeenteried. Krekt dit besef fan politike ferantwurdlikens wurdt swakker as in gemeente allinnich mar sjoen wurdt yn de  rol fan tsjinstferliening oan de ynwenners. By tsjinstferliening stiet de fraach sintraal Wat ha ik oan de gemeente? en net de rol fan lokaal bestjoer Hoe wolle wy yn ús gemeente eigen saken regelje?

 

De weryndieling

 

De provinsje wol graach dat Littenseradiel op 1 jannewaris 2015 opgiet yn in nij te foarmjen gemeente Noardwest-Fryslân. It rapport fan de ynstelde Commissie van Wijzen tsjûget no net daliks fan in soad wysheid, mar hat in heech VVD-gehalte . It  biedwurd Meer burger, minder bestuur  belooft in protte frijheid en slút sa moai oan by it hjoeddeiske yndividualisme, mar de demokrasy kin maklik ferwurde ta technokrasy. As in gemeente allinnich mar sjoen wurdt yn syn rol fan tsjinstferliening oan de konsumearjende ynwenners dan kin it bestjoer neffens dy gedachte it bêste laat wurde troch saakkundigen, dy't mear op ôfstân wurkje en achte wurde better te witten hoe mei de problemen fan de yngewikkelde maatskippij om te gean. Wêr't soks ta liede kin sjogge wy de lêste jierren by banken, hegeskoallen en bygelyks wenningboukoöperaasjes. De liedingjaande managers mei harren  hege salarissen en bonussen ha frij spul en it demokratysk tafersjoch ûntbrekt faak.  De macht by hieltyd minder minsken en in hieltyd grutter ferskil tusken earm en ryk.

 

As FNP stean wy dan ek foar de útdaging om yn it skaalfergruttingsdebat ús lûd hearre te litten.  

 

Foar it bestjoer,

 

Tom Dykstra



Stypje ús Wurd lid

Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2017 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)